Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0105

Sybe Satellyt 0105

05 Maart 1991

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy sjocht yn Britsum by De Foarikker dêr't in learling in wynmûne útfûn hat. Fierder sjocht Sybe by wynmûnen en fertelt er oer wynenerzjy. Hy sjocht ek yn in fabryk dêr't se wynturbines meitsje.

Wurktiid TV: Dejo yn Wolvegea

Wurktiid TV: Dejo yn Wolvegea

05 Maart 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer Dejo yn Wolvegea. Dêr meitsje se metalen roasters en fersoargje se coatings en it fersinken fan materiaal. By hotel-restaurant Princenhof yn Earnewâld sykje se twa balymeiwurkers en by it arbeidsburo yn Burgum dogge twa minsken in oprop foar wurk. Bêste kollega is automonteur Jacco Wijtsma fan garaazjebedriuw Cammingha yn Ljouwert. Hy sil nei Denemarken ta.

LTV_PIER_VELLINGA_171200_WR

Waarmer en wieter: de gefolgen fan klimaatferoaring

17 Desimber 2000

Prof.dr.ir. Pier Vellinga is klimaatdeskundige. We folgje him yn syn wurk, by in konferinsje yn Den Haag, by lessen oan studinten yn Amsterdam, yn petear mei kommissaris Nijpels, by in telefyzje-optreden by Barend&Witteman en by syn broer op de pleats yn Nijlân. Hy hat noed oer de opwaarming fan de ierde en de tanimmende oerstreamingen. Om minder fossile brânstoffen te brûken moatte we mear wyn- en sinne-enerzjy opwekke seit er en sjen nei biogas.